Nieuws - Fûgels oan ús kusten

De reade skries fljocht yn 8 dagen fan Alaska nei Nij-Seelân, sûnder syn tocht ek mar ien kear te ûnderbrekken. Dat is 11.000 km oer de Stille Oseaan. We kinne ús der allinnich mar oer ferwûnderje.

It boek, dat oer dizze en oare waadfûgels skreaun is, hawwe de bern fan groep 7 en 8 fan De Griffel oanbean krigen op tongersdei 12 oktober yn it bywêzen fan wethâlder Pytsje De Graaf fan gemeente Dongeradiel, deputearre Sytske Poepjes fan de provinsje Fryslân en fansels fan de tekener en skriuwer Steffen Walentowitz. It Garnalefabryk yn Moddergat wie plak fan aksje.

In bysûnder boek, skreaun yn twa talen: yn it Frysk en Plattdüütsk. No gjin Ingelsk as tredde taal, mar Plattdüütsk. Dat wie wol eefkes wennen foar de bern! Lokkich joech Eildert Duijff fan de Fryske Akademy in oersetting.

Trije bern fan De Griffel hawwe har eigenmakke boekje oer Waadfûgels oanbean oan de wethâlder, deputearre en skriuwer. Se hienen it boekje skreaun yn it Frysk.

It is te folgjen op de foto ‘s.

Dêrnei in útstapke op it Waad, itensiede mei Waadprodukten. Folksferhalen beharkje, mei de mikroskoop dingen ûndersykje.

It is bysûnder dat we yn Moarre – Ljussens sa ticht by in beskerme natoergebiet wenje. Us eagen binne der foar iepengien!

Foto's

Geplaatst op: 17 Oktober 2017

terug