Nieuws - Technykûnderwiis yn groep 7 en 8

Master Hans.

Hjoed, tongersdei 8 desimber 2017,  is master Hans fan it buro "Kind en Techniek" yn groep 7 en 8.

De bern binne allegearre oan it eksperimentearjen mei elektryske sirkwys en LEGO Mindstorms.

Remco de Haan: "Ik haw robots programmeare; ik haw se ride litten, foarút en in bocht om. Ek haw ik der foar soarge dat er réagearet op ljochtsignalen." 

Anna Feenstra: "We hawwe hjoed mei kabeltsjes en batterijen in lampke oanstutsen; mei ljocht koenen we sjen hoe hurd as in staafke rûn, dy't  oandreaun waard troch in sinnepaniel."

Tjisse Slagman: "We hawwe mei triedden wurke en mei metaal. It ljocht kin op bepaalde manieren fia leds oanstutsen wurde. We hawwe ek mei batterijen en LEGO wurke en we sjogge dat we in hiele protte mei technyk dwaan kinne."

Daniël Wouda: "Ik haw in robotholle mei allegearre triedsjes útprebearre. Hy koe de hichte, breedte en lingte mjitte. Hy koe ek de temperatuer mjitte, hoe waarm of kâld it wie."

Koartsein: In middei om net wer te ferjitten!

gastles techniek in groep 7 en 8

Geplaatst op: 08 December 2016

terug