Nieuws - Master syn ferjierdei


It is altiten wer in wûnder hoe 't de bern fan groep 7 en 8 har fernuverje mei in sinasapel en krantepapier:
Earst ynpakke, dêrnei mei mûtse op, sjaal om en moffen oan it pak wer útpakke mei mês en foarke om de sinasapel te finen...
Mar as in oarenien 6 smyt, wikselje!


Wêr 't ek altiten omfrege wurdt: "Sille we dat spultsje op it plein ek wer dwaan?"
En dêr giet it hinne. Wa kin my it earst bringe in beammebledsje; in sok; in riem; in hierspjeldsje; in krytsje; in kaai....
Soms is it sa tichteby en wurdt it fier socht.


Juf Bianca, foar it earst op skoalle as staazjejuf, makket ûnderwilens foto 's. Kin elk ris sjen hoe't in jierdei fierd wurde kin mei in protte beweging.

Foto`s
 

Geplaatst op: 28 Oktober 2016

terug